Oer Haitsma Beton

Mannich bouwurk befettet prefab produkten fan Haitsma Beton.  

Us bedriuw is mei rom hûndert jier in deugdlik en solide faktor foar de bou en ynfrastruktuer fan Nederlân en omlizzende lannen. Dy posysje tankje wy benammen oan ús pioniersgeast en ambysje om klantrjochte te tinken en te leverjen. Troch it bertrouwen fan in soad opdrachtjouwers drage wy sa by oan in duorsum en feilich bestean.  

Maatwurk fan formaat 


Haitsma Beton is in Frysk bedriuw, dat troch Jurjen Haitsma yn 1905 oprjochte waard. Sûnt dy tiid binne ús aktiviteiten enoarm groeid en ûnderwilens hawwe wy ús spesialisearre yn it optimaal ûntwerpen en produsearjen fan prefab betonnen eleminten, barriers en heipeallen. Wy leverje maatwurk, wêrûnder grutte en swiere eleminten, dy in ôfwikende foarm hawwe. Us produkten wurde tapast foar brêgen, fiadukten, stadions, parkeargaraazjes, gebouwen en wegen. Gjin útdaging is ús te grut.  

Design & Construct 


Haitsma Beton is totaalleveransier yn prefab beton. Njonken de fabrikaazje fersoargje wy ek de enginearring, wêrby wy oan de enginearringskritearia (Kritearia 73) foldogge. Ek trede wy op as (konstruksje)adviseur en regelje wy it transport en de montaazje. Wy wurkje graach yntinsyf tegearre mei oare boupartners en wurkje hieltyd faker op basis fan Design & Construct kontrakten. Dizze folsleine oanpak is ús garânsje om jo ûntwerp en útfiering te optimalisearjen.  

Dynamyske organisaasje 


By Haitsma Beton wurkje likernôch 90 minsken. Troch ús no-nonsense wurkwize en platte organisaasjestruktuer kinne wy fluch en yntiids leverje. Foar ús stiet of falt kwaliteit mei belutsen en saakkundige meiwurkers, dy meitinke, ôfspraken neikomme en fraachstikken oplosse. Dêrom ynvestearje wy bewust yn de oplieding en begelieding fan meiwurkers. Ek biede wy traineeships foar jong talint oan, dat trochgroeie wol nei hegere kaderfunksjes.  

Moderne produksje 


Haitsma Beton beskikt oer in eigen betonsintrale en seis produksjehallen mei modern materieel en in hege hyskapasiteit. Hjir kinne wy mei ús spanynrjochting fan 90 meter sels tige lange foarspande lizzers produsearje. Ferskate produksjesystemen binne koartlyn fernijd, wêrtroch wy flugger en effisjinter, mar ek skjinner, enerzjysuniger en Arbofreonliker fabrisearje kinne. Boppedat kinne wy prima foldwaan oan estetyske easken en brûke wy selsfertichtsjend beton (SFB) foar al ús produkten. Us eigen ynstekhaven en unike lizzing oan it  ”Prinses Margrietkanaal” meitsje transport oer wetter mooglik, wat trochstrings lukrativer en miljeufreonliker is.  

Garandearre kwaliteit 


Om de kwaliteit fan prosessen en produkten te garandearjen hantearret Haitsma Beton in strikt kwaliteitssoarchsysteem. Wy fiere kontrôles út, wilens alle projektfazes, fan kalkulaasje oant oplevering. Ek kwa produksje wurdt op alle foarskreaune aspekten toetst, oangeande grûnstoffen, mallen, dekking, wapening, betontechnology, oerflaktestruktuer en einprodukt. Us integrale kwaliteitssoarch blykt ek út ús ISO 9001 sertifikaat en de sertifisearrings fan al ús produkten en tsjinsten. 

 

 

 

Technysk ynnovatyf  


Haitsma Beton is in aktive spiler yn de merk foar prefab beton. Us ynnovaasjekrêft draacht yn wichtige mjitte by oan ús identiteit: wy wolle foaroan rinne yn ûntjouwing. Wy binne oanhâldend dwaande om nije en bettere produkten en wurkwizen te ûntwikkeljen, ôfstimd op feroarjend merkferlet, wet- en regeljouwing en technyske ynsichten. Dizze pioniersmentaliteit leveret regelmjittich toanoanjouwende ynnovaasjes fan Haitsma Beton op, lykas: 

- de earste prefab betonprodusint yn Nederlân, dy ‘t foar alle produkten selsfertichtsjend beton brûkt; 
- de langste betonnen lizzers (68 meter oerspanning) fan Nederlân foar de brêge oer it Van Starkenborghkanaal; 
- de holle heipeal (Hailight®) fan selsfertichtsjend beton. Dizze ynnovaasje besparret troch syn lichte konstruksje njonken materiaal ek transport- en kraankosten (lichtere heistelling); 
- de yntegrearre lûdsbarrier (Sound Safe System) dy't de feiligens foar weibrûkers kombinearret mei in enoarme lûdsreduksje oant 4 dB (A) foar omwenjenden; 
- de modulaire, demontabele parkeargaraazje op basis fan TT-platen; 
- de earste full scale teste en goedkarde barrieroergong (fan yn situ nei prefab), dy’t foldocht oan de Europeeske noarm En 1317-4. In primeur foar de ferkearsfeiligens.

Maatskiplik ferantwurde


Haitsma Beton giet ferantwurde om mei minske en miljeu. Wy besykje sa skjin en enerzjysunich mooglik te produsearjen (û.o. by it wergebrûk fan wetter) en dat  te transportearjen (ek oer wetter). Ek stribje wy alle dagen nei feilige en sûne wurkomstannichheden foar ús meiwurkers. Duorsum ûndernimme is in wichtige pylder foar it fuortbestean fan ús bedriuw.  

Wolle jo bouwe yn prefab beton? Wy nimme eltse útdaging oan! Haitsma Beton leveret de folgjende prefab produkten:

- heipeallen (alle ôfmjittings en lingtes; flugge levering, ek mooglik mei ’t skip); barriers (grutste produksjekapasiteit fan Nederlân, ek oergongskonstruksjes); 
- brêgen en fiadukten (fan lyts oant grut); 
- stadions en tribunes (fan lyts oant grut); 
- parkeargaraazjes (ek modulair); 
- prefab ûnderbou (prefab pylder eleminten); 
- yndustrybou (bg. pipe racks); 
- spesjaliteiten: eleminten mei ôfwikende foarm en/of heech gewicht.