Skiednis

Haitsma Beton bestiet al mear as 110 jier en begûn by de famylje Haitsma. Jurjen Haitsma rjochte Haitsma Beton op yn Harns op 1 septimber 1905. Hy begûn mei de fabrikaazje fan semintpannen en al gau dêrnei mei betonartikels. Fan1920 ôf bestruts Haitsma de folsleine hannel yn boumaterialen en gie it bedriuw him mear spesjalisearjen yn projekten fan grutter kaliber. Yn 1930 waard der in nij bedriuwsgebou iepene mei in kantoar, magazyn en timmerwurkpleats. As ien fan de earsten paste Haitsma by de bou fan syn bedriuwsgebou in betonnen draachkonstruksje ta. It bedriuw waard grutter en grutter. Nijbou folge en ein jierren sechstich waard de produksjelokaasje yn Koatstertille iepene. Dêr waarden foarspande heipeallen en letter prefab betonnen eleminten makke. 

Totaalleveransier

Yn de jierren dernei hat Haitsma Beton him ûntwikkele oant in totaalleveransier fan betonnen produkten. Troch de skiednis fan Haitsma Beton rinne trije reade triedden:

- beton; 
- ynnovatyf ûndernimmerskip; 
- diversifikaasje. 

Dat wie al sa fan de earste seminten dakpanne ôf yn 1905 en is no net oars. Mei de ûnderfinings út it ferline hawwe wy ús ynnovaasjes op in noch heger plan brocht. Haitsma Beton hat mei prefab beton bydroegen oan tal fan konstruksjes, dat begjint faak ûnsichtber mei heipeallen yn de fundearring. Mar wy meitsje ek krekt sa faak konstruksjes, dy wol yn it each rinne, lykas: 
trede-eleminten foar tribunes, balken foar kantoargebouwen, kolommen foar stadions en TT-platen yn parkeargaraazjes. Dêrnjonken dogge wy ek oare utiliteitswurken en barriers en brêgelizzers yn de ynfrastruktuer. Yn al dizze wurken is ús jierrenlange kennis en ûnderfining meinommen: Dêrom binne wy solide en ynnovatyf.